Negatyf advys oer bestjoer

© awfoto.nl
De ûndernimmingsried van Sportklup Hearrenfean hat in negatyf advys jûn oer de gearstalling fan it nije bestjoer. Neffens ynterim-foarsitter Gaston Sporre hat de ûndernimmingsried it personiel dêroer ynljochte. De kommisje Vaessen en Koopmans woe it nije bestjoer presintearje, mar dêr giet de ûndernimmingsried net mei akkoart.
It stiftingsbestjoer fan SC Hearrenfean moat no beslute wat se mei it advys docht. It bestjoer komt tiisdei gear om dêroer te praten.