It Amelân tsjin wynmûnepark

It Amelanner strân by strânoergong Nes-West © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Amelanner gemeenteried is unanym tsjin de bou fan in wynmûnepark yn de Noardsee. Dat is moandei dúdlik wurden. It ryk docht in helberheidsûndersyk nei it wynmûnepark by it eilân en sjocht dêrby nei it effekt foar de skipfeart, natuer en rekreaasje. Fierders wurdt ek sjoen oft der draachflak foar it is.
De wynmûnen wurde 140 meter heech en se binne te sjen fan it strân fan It Amelân ôf. Neffens de ried hat it park minne gefolgen foar it toerisme. De gemeenteried freget de oare Waadeilannen en de provinsje om stipe tsjin it Noardseepark.