Sosjale wenten mei ierdwaarmte

Wenningkorporaasje Elkien leveret oan 'e ein fan dit jier fjouwer kompleksen mei sosjale hierwenten op. It earste gebou mei 33 apparteminten oan it Westeinde yn Ljouwert is moandei yn gebrûk naam. It bysûndere is dat se ferwaarme wurde mei ierdwaarmte.
De oare appartemintekompleksen yn Wynjewâld, Boalsert en noch ien yn Ljouwert folgje de kommende wiken. Mei-inoar giet it om 130 apparteminten en huzen.