Huzeprizen sakje minder hurd

26 nov 2013 - 12:06

De prizen fan keapwenten gean noch hieltyd nei ûnderen, mar net mear sa hurd as yn de ôfrûne jierren. Dat docht bliken út sifers fan woningmarktcijfers.nl. Yn Fryslân wurdt no yn trochsneed hast 170.000 euro delteld foar in hûs. Dêrmei is de priis 6 persint sakke yn fergelyk mei 2012.

Yn de earste tsien moannen fan dit jier binne hast 2900 huzen ferkocht yn de provinsje. Dat is 6 persint minder as yn deselde perioade ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)