'Ferbod op bestridingsmiddels'

De PvdA Fryslân wol dat der in folslein ferbod komt op it brûken fan bestridingsmiddels yn de leeljetylt. It ferbod soe fuortendaliks yngean moatte. Oanlieding binne de sûnensklachten dy't ynwenners fan Aldemardum hienen, nei't it bestridingsmiddel Metam Natrium fan 't maaitiid it doarp ynstode. De PvdA wol witte wêr't it middel krekt brûkt wurdt yn Noard-Nederlân. De partij fynt it te gek foar wurden dat minsken bleatsteld wurde oan de bestridingsmiddels, wylst net oantoand is dat se feilich binne.