Teater oan brân ûntkaam

25 nov 2013 - 19:25

De Ljouwerter binnenstêd is moandeitemiddei oan in brân ûntkaam. Troch in lekkaazje yn it dak kaam wetter by de elektryske triedden fan it ryksmonumint Kleintheater De Vier Pelikanen oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. It mankemint waard op 'e tiid ûntdutsen, omdat alle stoppen trochsloegen. De eigener wie yn it teaterke en koe de saak rêde. Troch alle konsternaasje gie de opfiering fan de 426e houliksdei van Anna en Us Heit net troch. Dat soe holden wurde yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert.

Trefwurden: 
brân Teater
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)