Losbrutsen ko weromfûn

Skotske heechlanner
De losrinnende Skotske heechlanner op de trochgeande dyk by Appelskea is wer te plak. Oan it begjin fan dizze moanne wie de ko by de N381 sjoen. By ôfslach Keale Dunen wiene dêrom warskôgingsbuorden pleatst, dat it ferkear stadich ride moat.
Der is doe mei in man of tsien nei it bist socht, mar it is net slagge om it bist te finen. No docht bliken dat de ko út himsels wer nei it natuergebiet Stoevert en Ganzepoel rûn is.