Skorsing Joey van den Berg

25 nov 2013 - 15:30

SC Hearrenfeanfuotballer Joey van den Berg hat fan 'e KNVB in skorsing fan trije wedstriden krige, wêrfan ien ûnder betingst. Dit nei syn reade kaart yn de útwedstriid tsjin PSV fan ôfrûne sneon. De middenfjilder krige direkt read fanwege in fûle sjarzje op Adam Maher. Joey van den Berg hat it skikkingsfoarstel akseptearre en mist sadwaande de thúswedstriid fan takom sneon tsjin Go Ahead Eagles en it ynhelduel tsjin ADO Den Haag. Hy is op snein 8 desimber, as Feyenoord op besite komt, wer ynsetber.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)