Fytster ferstoarn nei ûngelok
In frou fan 78 jier út Drachten is snein ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok. De frou wie yn botsing kaam mei in auto, doe't se mei de fyts ôfsloech op de Noardkade yn har wenplak. Se foel en moast yn it sikehûs behannele wurde oan ferwûnings oan 'e holle.
Letter op 'e dei waard se thús net goed en ferstoar.