Élevé kriget Michelinstjer

Restaurant Élevé yn Ljouwert is bekroand mei in Michelinstjer. Eigener Tom van der Heide makke mei it restaurant earder dit jier in trochstart fan it eardere stjerre-restaurant Frouckje State yn Rypstjerk, dat om ekonomyske reden de doarren slute moast. De Michelinstjer ferhuze tydlik mei nei it nije restaurant yn Ljouwert, mar mei no offisjeel boppe Ljouwert striele.
Restaurant Koriander yn Drachten wist de Michelinstjer te behâlden. Sjefkok Jan Gaastra prestearret no al jierrenlang achterinoar op dit nivo.
Terloarstelling wie der foar Landgoed Lauwolt yn Beetstersweach. Alhoewol't it restaurant dêr, Heeren van Harinxma, yn ferskate lanlike kulinêre blêden positive resinsjes krige, seach sjefkok-direkteur Marck van Gullick de tige winske Michelinstjer dit jier ek wer oan him foarbygean.
Trije restaurants yn Fryslân waarden wurdearre mei in Bibs Gourmand. Restaurant Lyf's yn Beetstersweach, Het Spijshuys yn Boarnburgum en 't Jagertje yn Langwar krigen de erkenning fan Michelin as restaurant dêr't in goed trijegongemenu foar maksimaal 35 euro te krijen is. Restaurant De Vrijheid yn Grou moast de Bib Gourmand dit jier wer ynleverje.