Swimbad Burgum wer iepen

25 nov 2013 - 12:36

Swimbad De Wetterstins yn Burgum is sûnt moandei wer iepen. It swimbad moast op freed 15 novimber fuortendaliks ticht om't fjouwer stipepeallen net mear feilich wiene. Se wiene oan de ûnderein ferruske. De pilaren wurde no mei in tydlike konstruksje oerein hâlden sadat it swimbad wer iepen kin.

Op dit stuit wurdt wurke oan in definitive oplossing. Dan moat de ûnderste ein fan de peallen ferfongen wurde. Neffens in wurdfierder fan it swimbad is dat oer in moanne klear.

Trefwurden: 
Burgum swimbad Wetterstins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)