Amelander hout foar Glêzen Hûs

Stoarmskea © Johan van Houten
De gemeente It Amelân ferkeapet hout foar Serious Request fan radiostjoerder 3FM. It giet om hout fan ipebeammen dy't omgien binne by de stoarm fan ein oktober. De gemeente fynt dat it hout skonken is troch de natuer en dus wurdt it ferkocht foar it goede doel. De folsleine opbringst giet it Glêzen Hûs dat yn desimber yn Ljouwert stiet.
Per hûshâlden is der maksimum steld fan 2 kúb. It hout is al yn blokken seage. Wol moatte belangstellenden it ipehout by it opheljen earst skile, om sa eventuele fersprieding fan ypsykte foar te kommen.
Mei-inoar is der sa'n 400 kúb hout beskikber, sa lit de gemeente It Amelân witte.