'Ien oannimmer foar N31 Harns'

25 nov 2013 - 11:30

De ferdûbeling fan de N31 en de oanlis fan in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch by Harns wurdt as gehiel oanbestege. Dat hat de provinsje besletten. It wurk is sa kompleks, dat ien opdrachtnimmer it bêste de risiko's ynskatte kin. Dêrom is opdieling fan it wurk yn ferskate, lytsere kontrakten gjin goed idee.

De provinsje hopet dat Fryske MKB-bedriuwen profitearje fan de megaput. It giet dan om kontrakten foar it yn 't foar ferlizzen fan kabels en liedings, de gebietsynrjochting en it renovearjen fan de Keningsbrêge.

De Keningsbrêge bliuwt beskikber foar stadich ferkear en lânbouferkear. It diel fan de N31 dat no noch ienbaans is, wurdt oer in lingte fan 3 kilometer ferdûbele. It folsleine bouprojekt kostet 140 miljoen euro.

Trefwurden: 
Harns N31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)