Ungelokken op A7

Sân auto's binne moandeitemoarn om njoggen hinne mei-inoar yn botsing kaam op de A7 by Terwispel. It gie om twa ferskate oanridings, dêr't ien grut ûngelok troch ûntstie. By it ûngelok rekke gjinien ferwûne. Trije auto's moasten fuortsleept wurde. Ien rydstrook hat in skoft ôfsluten west. De dyk is no wer iepen.
Op de A7 by Breesândyk wie moandeitemoarn om seis oere hinne ek in ûngelok. Dêr rekke ek gjinien ferwûne.