SCO net opwoeksen tsjin AWDTV

24 nov 2013 - 17:27
Kuorbal - Foto: ANP XTRA

De kuorballers fan SCO gongen snein mei 31-19 ûnderút tsjin AWDTV. Yn Amsterdam holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. By in stân fan 9-9 wist AWDTV lykwols wat ôfstân te nimmen. De Amsterdammers rûnen út nei in 15-10 rêststân.

Nei it skoft rûn de thúsploech fierder út nei 20-14. By 25-17 stân moast de ploech fan Hillebrand Diever de oansluting definityf gean litte en koe AWDTV ienfâldich ôfgean op in romme oerwinning.

SCO stiet mei 2 punten út 3 wedstriden op it fyfde plak yn de haadklasse B.

Trefwurden: 
SCO haadklassekuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)