De Jouwer wint fan Snits

24 nov 2013 - 16:07

De Jouwer, nûmer lêst yn de haadklasse C, hat snein yn de tredde ronde fan de beker ferrassend mei 2-0 wûn fan de koprinner Snits Wyt Swart. Op de Hege Simmerdyk begongen de Snitsers goed oan de wedstriid. Benammen Erolind Dergutti krige goede kânsen. Nei 43 minuten iepene Jurre Hoogeveen lykwols de skoare. Ek de twadde Jouster treffer kaam op namme fan Hoogeveen. De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis giet troch de oerwinning troch nei de bêste sechtjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)