Snitser driget mei kapmes

24 nov 2013 - 12:02

In 39-jierrige Snitser hat syn buorman sneontejûn mei in kapmes bedrige. Dat wie yn de Johan Willem Frisostraat yn Snits. De fertochte stie op strjitte mei it mes te swaaien nei syn 22-jierrige buorman. De twa hiene spul mei elkoar. De plysje hat de fertochte yn syn wenning oanhâlden. It kapmes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Snits plysje bedriging kapmes
(Advertinsje)
(Advertinsje)