Fytser op De Harkema oanriden

24 nov 2013 - 11:58

In 16-jierrige fytser fan De Harkema is freedtejûn ferwûne rekke yn syn wenplak. Hy ried mei twa oare fytsers op de Feartswal en waard frontaal oanriden troch in ûnbekende man mei in swarte helm op in swarte Puch Maxi. Nei de oanriding is de bromfytser, in opfallend lange man, weromriden yn de rjochting fan Surhústerfean. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
plysje botsing De Harkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)