Stroetinga wint yn Eindhoven

Arjan Stroetinga, BAM ploech © ANP
Arjan Stroetinga fan Waskemar hat sneon syn earste oerwinning fan it seizoen te pakken. Yn Eindhoven wie de reedrider fan de BAM-ploech de rapste yn de sânde wedstriid om de KPN maratoncup. It poadium wie hielendal foar de BAM-ploech, want neist Stroetinga stienen ek syn ploechgenoaten Bob de Vries fan De Haule en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn op it poadium.