Brân yn waskerij yn Ljouwert
Yn in waskerij oan de Grote Hoogstraat yn Ljouwert hat sneontejûn om acht oere hinne brân west. It fjoer ûntstie yn ien fan de waskmasines. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. It bedriuw hat reek- en wetterskea oprûn.