Geitefokker Wikel wol groeie

In geitefokker út Wikel wol syn bedriuw útwreidzje nei 1200 geiten. Hy hat de gemeente om tastimming frege om lân by te keapjen. Dat moat oardel bunder wurde. Op dit stuit is it bedriuw neffens de eigener noch net grut genôch om fan libje te kinnen, mar nei de útwreiding soe dat wol it gefal wêze.
It kolleezje wol meiwurkje, mar de gemeenteried moat der noch in útspraak oer dwaan.