Hearrenfean lit PSV ûntsnappe

Sportklup Hearrenfean hat mei tsien man lykspile yn Eindhoven tsjin PSV. Nei in kertier krige oanfierder Joey van den Berg al in reade kaart troch in pittige oertreding op Maher. Dochs kaam SC Hearrenfean tsien minuten foar tiid op 1-0. Ynfaller Yanic Wilschut krige foar it earst de bal en skeat de bal foarby keeper Zoet. PSV begûn doe pas echt oan te setten en nei in soad kânsen makke ynfaller Josefzoon yn blessueretiid dochs noch de 1-1.