Finnbogason net tsjin PSV

Alfreð Finnbogason © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
SC Hearrenfean moat sneontejûn yn Eindhoven sûnder topskoarder Alfred Finnbogason spylje. De Yslânske spits is mei in lichte blessuere weromkaam fan de mislearre play-off om in WK-ticket mei Kroäsië. Trainer Marco van Basten hat him dêrom net meinaam nei de wedstriid tsjin PSV. Bilal Basacikoglu begjint yn de basis.
PSV stiet nei 13 wedstriden achtste op de ranglist mei 19 punten, SC Hearrenfean hat der 18 út 12.