Brân yn bedriuw Ljouwert

23 nov 2013 - 17:28

By Grain Plastics oan de Morseweg yn Ljouwert hat sneon troch ûnbekende oarsaak brân yn in masine yn it fabryk west. Twa meiwurkers ûntdutsen om goed healwei fjouweren de brân en warskôgen de brânwacht. Troch it fjoer kaam de loads al gau fol reek te stean. Troch fluch yngripen troch de brânwacht is slimmer foarkaam. It is net dúdlik hoe grut oft de skea is.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Grain Plastics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)