Sinnepanielen op dak Bernlef

Sinnepanielen op dak Bernlef
De Fryske studinteferiening Bernlef út Grins hat ôfrûne wike tsien sinnepanielen op har gebou ynstallearje litte. De ferwachte besparrings binne wichtich foar Bernlef, want de ynkomsten út rinte op sparjilden binne leech en stipers jouwe minder jild. Ferline jier hat de feriening al 450 euro besparre troch alle lampen te ferfangen troch led-lampen. Bernlef ferwachtet de ynvestearring yn de sinnepanielen mei seis jier werom fertsjinne te hawwen.