Gouden Viooltje foar Dijkstra

23 nov 2013 - 10:32

Dirigint Peter Dijkstra (35) út Roden krijt tongersdei it Gouden Viooltje útrikt by it NNO konsert yn Drachten. Dizze kultuerpriis is yn de jierren fyftich yn it libben roppen troch fiif Fryske deiblêden. Yn it 55-jierrich bestean fan de priis is dizze 19 kear útrikt. De winner moat út Noard-Nederlân komme en in bysûndere prestaasje op muzikaal gebiet levere hawwe. Neffens de sjuery hat Dijkstra de priis fertsjinne om't er ta de grutste koardiriginten fan de wrâld rekkene wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)