Fjochterij yn Ljouwert
Twa manlju út Swolle binne freedtenacht oppakt nei in fjochtpartij yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert. Portiers hiene de twa fertochten, 29 en 33 jier âld, mei muoite in kafee útset, mar op strjitte woene se op 'e nij fjochtsje. De Swollenaren binne oppakt, wêrby't de âldste ferwûne rekke oan de holle. Hy is yn it sikehûs behannele.