Pietersma op skûtsje Drachten

23 nov 2013 - 10:19

It Drachtster skûtsje hat in nije skipper: de 41-jierrige Jeroen Pietersma. Hy wie al fjouwer jier bemanningslid fan it skûtsje Twee Gebroeders en folget no Albert Visser op, dy't skipper by De Lemmer wurden is. Pietersma komt út in skûtsjefamylje, syn broer Gerhard is skipper op it skûtsje fan Earnewâld.

Sels wie Jeroen Pietersma alris skipper by Langwar en bemanningslid op de Sneker Pan en it Huzumer skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)