Maatskiplike stifting Cambuur

Sportklup Cambuur út Ljouwert sil him de kommende tiid ekstra ynsette foar maatskiplike projekten. De fuotbalferiening hat dêrfoar freed de stifting Cambuur Verbindt oprjochte. It doel fan dizze stifting is om beweging en sûn iten te promoatsjen. Dit wol Cambuur Verbindt dwaan troch projekten te organisearjen yn ferskate Ljouwerter wiken.
Dizze projekten wurde opset fanút de tema's talintûntwikkeling, sûnens, leefberens en yntegraasje. De stifting begjint yn earste ynstânsje mei aktiviteiten yn de Vrijheidswyk.