Studinten ûndersykje iisgroei

Learlingen fan de nije MBO oplieding Life sciences fan it AOC en it Friesland College yn Ljouwert dogge - salang't der iis leit - alle dagen mjittings. Sy moatte foar skoalle útsykje wat de ynfloed is fan nitraat en fosfaat yn it wetter op de iisgroei. Ek mjitte se de streaming en fansels de temperatuer.
De oplieding wol minsken opliede ta bygelyks wetterskipsmeiwurkers. Tongersdei wie de start, op de Bonkefeart by Ljouwert mei de leararen derby, mar dêrnei moatte de studinten thús oan de slach.
Dêrfoar krije de studinten it nedige ark mei fan skoalle. It learprojekt wie yn it foar al taret en wurdt werhelle, alle jierren dat der iis leit.