'Gau rûnwei Himmelum/Warns'

De provinsje makket wurk fan in rûnwei om Himmelum en Warns hinne. Dat hat deputearre Sietske Poepjes freed tasein.
Frachtweinen soargje no yn beide doarpen geregeld foar ûnfeilige sitewaasjes. De bewenners kleie der al lange tiid oer. Poepjes is skrokken fan de ferkearsoerlêst. Neffens har is de bêste oplossing in rûnwei. Dit moat de leefberens yn de doarpen ferbetterje.