MCL en optisiens wurkje gear

22 nov 2013 - 18:53

It MCL wurket fan takom wike woansdei ôf gear mei 25 optisiens yn Noard Fryslân. Eachdokters fan it Ljouwerter sikehûs hawwe de optisiens de ôfrûne perioade bypraat oer eachsykten.

De bedoeling is dat de dielnimmers fan no ôf de sykten better en earder werkenne en sa better trochferwize kinne nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)