Klok Aldeberkeap opknapt
Op de Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap binne freed de wizerplaten en de wizers fan de toer werompleatst. De sifers op de plaat wiene troch waar en wyn oantaast en se moasten opnij ferve wurde. De wizers binne reparearre en fergulde.
It inisjatyf ta it wurk kaam fan de Geitefok, dy't yn de Aldjiersnacht in bedrach fan 500 euro skonk foar de restauraasje.