Syktocht nei Friso Wouda

It Schildmeer yn Grinslân wurdt tongersdei ôfsocht op syk nei de 30-jierrige Friso Wouda. De plysjeman yn oplieding fan Fryske komôf kaam moandeitejûn net op syn wurk yn Delfsyl. Omdat er syn tsjinstwapen by him hat, waard grut alarm slein.
Der wurdt nei him socht op it Schildmeer omdat op luchtbylden fan woansdei makke foar in miljeuynspeksje in man te sjen is mei it postuer fan Wouda. De mobile ienheid wurdt ynset om te sykjen, ek wurdt in helikopter ynset.