TVOH: Gerrie is der klear foar

Gerrie Dantuma fan Stiens is klear foar de liveshow fan it televyzjeprogramma 'The Voice of Holland'. De 29-jierrige sjongeres nimt it freedtejûn op tsjin trije oare talinten út it team fan Marco Borsato.
Gerrie is al twa dagen yn Hilversum om te repertearjen foar de show. Hokker nûmer se sjonge sil, mei se noch net ferklappe. Mar bekend is wol dat dj Armin van Buuren in optreden jaan sil. Gerrie song yn de 'blind auditions' in nûmer fan him. Foar Gerrie is it de earste kear dat se yn de liveshows stiet. Ferline jier helle se it krekt net.
Fan eltse coach trede fjouwer talinten op. Dejinge mei de measte stimmen giet fuortendaliks troch nei de folgjende liveshow. Dêrneist mei ek de coach noch ien útsykje. Neist Gerrie Dantuma sitte ek Grant Scott, Fantine Tho en Julia van der Toorn yn it team-Borsato. De lêste sjongeres wurdt sjoen as ien fan de favoriten. Gerrie hopet op deselde stipe fan it Fryske publyk as ferline jier mei Johannes Rypma fan Aldegea (SWF). Dy helle ferline jier de finale trochdat Fryslân manmachtich op him stimde.
De show is freedtejûn te sjen op RTL4.