IIsbaan Boalsert oerspuite

De iisbaan fan Boalsert is fernield © Omrop Fryslân, Geale Groen
De iisbaan yn Boalsert kin nei alle gedachten freed wer iepen. Woansdei wie de baan as ien fan de earsten yn de provinsje iepen. Mar troch de grutte belangstelling wie de wille mar koart. Al gau waard it iis folslein stikken riden. Woansdeitejûn hat de brânwacht op fersyk fan de iisferiening wetter op de baan spuite.
Tongersdei wurdt besocht of it iis mei in masine wer glêd makke wurde kin. De bedoeling is dat freed de iisbaan dan wer iepen kin foar publyk.