Jonge pakt foar slaanderij

22 nov 2013 - 12:49
Winkelstrjitte de Nijstêd yn Ljouwert

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Ljouwert in 16-jierrige jonge oppakt fanwege mishanneling. De Ljouwerter sloech op de Nijstêd yn syn wenplak by in fjochterij in 22-jierrige man út Grins. Twa plysjes dy't dat seagen, koene de jonge oanhâlde. In oare Ljouwerter dy't harren misledige, waard ek troch de plysjes meinaam nei it buro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)