Termyn Van Mourik ferlingd

Van Mourik tegearre mei deputearre Poepjes © Provinsje Fryslân
Tom van Mourik bliuwt langer waarnimmend boargemaster fan Menameradiel. Dat hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma besletten.
Ynearsten soe Van Mourik oant 1 jannewaris 2015 boargemaster wêze fan de gemeente. Mar omdat in gemeentlike fúzje yn it noardwesten fan Fryslân langer op him wachtsje lit as tocht, is de beneaming ferlingd oant uterlik 1 jannewaris 2018.