Frisse Wind wurdt Wad'n Partij

De politike partij Frisse Wind yn Harns hâldt op. De partij waard bekend troch it ferset tsjin de REC-ôffaloven fan Omrin. De lêste jierren gong it minder mei Frisse Wind. Op it lêst kaam de fraksje net mear op gearkomsten yn it gemeentehûs.
It bestjoer fan Frisse Wind hat besletten om ûnder in oare namme mei te dwaan oan de kommende gemeenteriedsferkiezings. De nije namme is 'Wad'n Partij Harlingen'.