Ek mûzels op Linde College

Nei basisskoalle Matthijsje yn Easterstreek docht bliken dat ek in learling fan it Linde College yn Wolvegea mooglik besmet is mei de mûzels. De learling út de tredde klasse is in direkt famyljelid fan in learling fan Matthijsje.
De measte learlingen fan it Linde College hawwe wol in faksinaasje tsjin de mûzels hân en dus sil de GGD dêr net massaal ynintsje. Op Matthijsje docht de GGD dat freed wol.