Natoer en ekonomy op Waad
De ynset fan it Waadfûns wurdt noch skerper rjochte op projekten dêr't de ekonomy en de natoer yn Waad tagelyk better fan wurde. Dat stribjen is tongersdei útsprutsen troch de lieding fan dat Waadfûns dêr't in hiel soad jild yn sit. De trije Waadprovinsjes beheare dat jild. Sûnt sy dêr de baas oer binne, is der al sa'n 70 miljoen euro útjûn of tasein.
Yn de lanlike polityk wurdt der ûndertusken mear en mear praten oer it behear fan it Waadgebiet. Dat soe better kinne as der mar ien behearder wie.