Oanpak brêge De Tille ûndúdlik

It is noch net dúdlik hoe't de skea oan de brêge fan Koatstertille oanpakt wurde moat. De gemeente hopet mei twa wike dêr mear dúdlikheid oer te hawwen.
Hast in moanne lyn is in tanker tsjin de brêge fearn en de provinsje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk. It beton is op ferskate plakken skuord. No wurdt ûndersocht hoe't it stiet mei de stielkonstruksje. Yn tuskentiid is de brêge ticht foar swier ferkear, lykas frachtweinen en bussen.