Dokkum wurdt oprêden

21 nov 2013 - 15:53

De wurkgroep binnenstedsmanagement yn Dokkum organissearret op moandei 9 desimber in oprêd- en skjinmakaksje yn de binnenstêd. Se roppe alle ynwenners en ûndernimmers op om mei te dwaan.

Dokkum waard yn oktober fan dit jier útroppen ta ien fan de 25 moaiste stêden fan Nederlân. Ferskate bedriuwen en de gemeente hawwe al tasein mei te wurkjen mei de aksje.

Trefwurden: 
Dokkum binnenstêd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)