Priis foar Fries Museum

21 nov 2013 - 15:47

It Fries Museum yn Ljouwert hat tongersdei yn Londen in grutte ynternasjonale priis krigen. It Fries Museum krijt de European Sign Design Award 2013 foar de rûtebuordsjes yn it nije gebou.

Dizze Europeeske priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. Eardere winners wiene ûnder oare The Guardian, it Australian Museum en de O2 Arena yn Londen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)