Grinzer oppakt foar fernieling
In 28-jierrige Grinzer is woansdeitemiddei oanhâlden omdat er kasten yn it Ljouwerter gerjochtsgebou fernield hie troch der hurd mei de holle tsjin oan te rammen. Hy besocht ûnder syn oanhâlding út te kommen.
Hy waard nei in rjochtsaak oanhâlden omdat er noch in finzenisstraf útsitte moast.