Kontroleur fan plein stjoerd

21 nov 2013 - 14:45

De direkteur fan de Trianova-skoalle yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat woansdei in kontroleur fan Buma-Stemra fan it skoalplein stjoerd. De kontroleur woe mei de direkteur prate oer in skeel mei de auteursrjochte-organisaasje. It giet oer it al of net brûken fan muzyk foar edukative doelen. Dat is fergees, mar as de muzyk ek foar skoalfeesten brûkt wurdt, moat betelle wurde.

De direkteur fynt dat de kontroleur in ôfspraak meitsje moatten hie. Buma-Stemra fynt dat net noadich, omdat se allinnich mar komme om de saak út te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)