Soad fragen oer de mûzels

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Sûnenstsjinst GGD krijt in soad fragen fan âlden mei jonge bern oer de útbraak fan mûzels yn Fryslân. Der wurdt foaral frege nei de risiko's omdat in protte lytse bern noch net yninte binne. Woansdei waard bekend dat op basisskoalle Matthijsje yn Easterstreek mûzels konstatearre is.
Sa'n 25 learlingen, learkrêften en famyljeleden binne siik wurden. Yn ien gefal binne de mûzels fêststeld. As der genôch belangstelling foar is sil de GGD freed ynintsje op de skoalle yn Easterstreek.