Ferwûne by oanriding Wâldwei
In 31-jierrige frou út Langsweagen is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Wâldwei by Nyegea. Troch de glêdens skeat de frou troch doe't se remme. Se botste achterop de auto fan in 57-jierrige ynwenner fan De Himrik.
De frou is mei ferwûnings oan de nekke nei it sikehûs brocht.