Hûn byt frou yn Griene Stjer

02 feb 2012 - 10:13

In frou út Ljouwert is tiisdeitemiddei yn natuergebiet de Griene Stjer biten troch in herdershûn. De eigner seach wat der barde, mar die neat. De plysje is op syk nei de man. De man wie mei twa hûnen yn it gebiet mei in bal oan it boartsjen. Ien fan de hûnen kaam op de frou ôf en biet har hurd yn de heup. De frou hat in swiere bloedútstoarting oerhâlden oan de biterij.

De plysje freget tsjûgen kontakt op te nimmen. De man hie twa herderachtige hûnen by him, hy is tusken de 30 en 40 jier, net langer as 1 meter 80 en hat in blauwe mûtse op.

Trefwurden: 
hûn Griene Stjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)