Boot Holland groeit wer

Boatebeurs Boot Holland sit wer yn de lift. De organisaasje meldt dat der oant no ta mar leafst 40% mear oanmeldings binne as ferline jier. Jierrenlang waard it tal standhâlders op de beurs minder. Oarsaak wie de ekonomyske krisis. Dit jier sit de groei der dus wer yn, mar Boot Holland sit dêrmei noch net wer op it nivo fan foar de krisis.
De beurs yn Ljouwert is yn febrewaris 2014, dus it tal dielnimmers kin noch fierder oprinne.
.